Mem

yn ‘e simmer koene wy swemme
winterdeis stienen wy op it iis
Mem soarge wol dat it allegear koe
neat wie har te healwiis

al hienen se it net breed
wy kamen neat tekoart
en at it om har leafde gie
krigen wy allegear ús part

in tent fan âlde kleden
bouwde Mem mei grut gemak
achterhûs fierden wy fakânsje
ûnder it houten linnenrak

wy iten pannekoekjes
fan it steltsje út har jeugd
se fertelde dan oer froeger
is wat us dêr noch fan heugd

op sneintemiddei fuort te toeren
fiif bern op ‘e achterbank
by de Seedyk del op nei Harns ta
yn de sigarette stank

it is in lytse greep mar
en elts betinkt syn eigen dingen
mar wy binne Mem ivich dankbaar
foar in see oan herinneringen

en wy hoopje

dat se no bûten sit mei in boekje
yn it ivich sinneljocht
mei in kopke Douwe Egberts
troch har beide jonges brocht

se hat it fertsjinne

Plaats een reactie