Frij

Leafst 180 op ‘e teller
(mar der koe altyd noch wat by)
Beskeiden troch it doarp noch
Mar bûten Hallum fûgelfrij

De gashendel fier iepen
Dan wie Heit op syn bêst
Ferstân op nul, blik op oneindig
Yn faasje fûn ús Heit syn rêst

Sa hurd at Heit eartiids gie
Sa dreech wie’t op it ein
Dat Heit dat echt de hel fûn
Hat er geregeld hurdop sein

Wy kinne him net misse
mar hopelik is Heit no wer frij
en kin de gashendel wer fier iepen
eltse dei opnij

Plaats een reactie