moai waar, lange dagen
jûns oant njoggen oere ljocht
ik kin de wille der net yn fyne
ik ha der lang om socht
ja, de sinne jout my waarmte
en in kleurke op ‘e hûd
mar ik die dochs folle leaver
dat der snie falle soe hjoed
it túch tuskes de tegels
ik sit der no al mei
de hiele simmer troch de knibbels
want ja, it moat der ek wer wei
en dan dy fûgels moarns te fluitsjen
wêrom moat dat sa betiid?
wêrom sjonge se net krekt foar tsjusterens
sûnder ophâlden harren liet?
moarns ûnderweis nei ’t wurk ta
skynt my de sinne yn ‘e plaat
en at ik middeis wer werom gean
ferkear ik yn deselde staat
it kin om my wol septimber wurde
jou my mar rein en wyn en snie
ik woe dat ús kâlde kikkerlân
mar twa seizoenen hie…