seewyn

ik sjoch al út nei de ein fan ‘t jier
en tink oan al dy kearen
fan dyn rûzjen yn myn earen
en dyn skuorren oan myn hier

do kinst by my in potsje brekke
my nea te kâld, my nea te hurd
ek at it hjerst en winter wurdt
fiel ik my altyd troch dy rekke

ik ha no al sin oan dy
mei dizze waarme, fûle sinne
wol ik sa graach yn dy rinne
seewyn, wachtesto op my

Plaats een reactie