
dat tiid gjin skoft hâldt
net oars as drave kin
dat is net slim, dat heart sa
al is ’t net altyd nei ús sin
wy nimme mei wat ús oan’t hert giet
stelle dy mominten út de tiid
sette se te pronk djip yn ús wêzen
al wat noch is, wat ús ferliet
en op dagen dat it nét wol
sa wurch en klear mei it gedoch
fleant dêr ynienen dy lytste flinter
hy lit dy witte, ik bin der noch