wolken

Telefoon 02-09-2017 1553.jpg

ik sjoch in frou yn wide rokken
mei sawn sturten yn har hier
in hûn dy’t stiet te byljen
tsjin in grutte kanne bier

ik sjoch in man dy’t sit te fiskjen
en in beuker op ‘e fyts
hoe faak at ik ek omheech sjoch
ik sjoch alle kearen yts

it is sa eigen as myn asem
in wichtich part fan wa’t ik bin
dat ik it leafste hiele dagen
mei de kop yn de wolken rin

Plaats een reactie